In memoriam Nynke Sibma
In memoriam: Nynke Sibma, in echte mienskipper mei in hert fan goud
Guon minsken dogge mear as allinne meirinne yn ’e mienskip. Se feroarje wat. Se bringe minsken byinoar, meitsje ideeën ta wurklikheid en litte de wrâld krekt wat moaier efter as hoe’t se har fûn hawwe. Nynke wie sa’n frou.
Ferline wike, op 28 maaie 2025, is Nynke ferstoarn op 52-jierrige leeftyd. Foar in soad minsken yn en om FC Burgum wie Nynke in fertroud gesicht. Gjin roppende persoan, gjin drang nei oandacht, mar altyd oanwêzich – mei oprjochte belangstelling, in lústerjend ear en in waarme útstraling. Se stie bekend as in mienskipper yn hert en nieren.
Wat Nynke bysûnder makke – neist har rol as mem fan Sybren, Jort, Thyme, Jelle en frou fan Hendrik – wie har hert foar de mienskip. Oft it no gie om it sportkafee fan FC Burgum, it boargerinisjatyf Nije Westermar of de takomstplannen foar Burgum 2040 – se wie derby. Wat wie se grutsk yn 2021 op de priis foar de Nije Westermar as bêste sportakkommodaasje fan Nederlân. Mede troch har ideeën, mar foaral troch har ynset. Se pakte oan, regele dingen, tocht mei en holp oaren. Altyd sûnder harsels op ’e foargrûn te setten.
Nynke leaude dat echte foarútgong út de minsken sels komt. Se wie net fan regels of burokrasy, mar fan minsken dy’t har ynsette foar dat wat se wichtich fine. En sa libbe se sels ek. Se die gjin lege beloftes – se die it gewoan.
Se regele by FC Burgum in sportkamp yn de coronaperioade en stie efter de bar yn it sportkafee. Hendrik mei Buro Twa is sponsor en beide wiene grutte supporters fan de fuotbaljende jongens. In gesin dat draait om fuotbal en FC Burgum.
It is dreech foar te stellen dat Nynke der net mear is. Har oanwêzigens wie sa fanselssprekkend, sa djip woartele yn ’e mienskip fan Burgum, dat har ôfwêzigens ûnwerkelik fielt. Nynke hat ús sjen litten wat it betsjut as freiwilliger om der echt foar oaren te wêzen. Net mei grutte wurden, mar mei lytse dieden dy’t tegearre in grut ferskil meitsje. Wy sille har misse yn de kantine en op it fuotbalfjild.
Hendrik, Sybren, Jort, Thyme, Jelle en alle neisten: in protte sterkte de kommende tiid.